Hurde wyn: boaten falle út

03 des 2011 - 15:24

Rederij Doeksen lit sneintemoarn opnij de sneltsjinsten nei Flylân en Skylge ferfalle fanwege de hurde wyn. As alternatyf fart moarn om sân oere in gewoane boat fan Flylân nei Harns en om njoggen oere fan Harns nei Flylân.

De sneltsjinst ferfalt sneontemiddei ek al. Hy wurdt ferfongen troch in gewoane boat. Mear ynformaasje is te finen op de webside fan de rederij.

Trefwurden: 
Skylge Flylân wyn boat Doeksen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)