Kofjekanne yn Skipfeartmuseum

It Frysk Skipfeartmuseum yn Snits © Omrop Fryslân
It Frysk Skipfeartmuseum yn Snits hat in unyk objekt yn brûklien krigen. It giet om in tinnen kofjekanne mei gravueres, makke as oantinken oan de ramp mei stoomskip Willem III.
It skip fergie yn jannewaris 1877 op de Fluessen. Fjirtjin minsken kamen dêrby om en 29 oerlibben de ramp. De oerlibjenden skonken de kanne as tank oan de eigner fan de herberch dêr't se nei de rêding opfongen waarden. Neiteam fan de man hat de kofjekanne oan it museum beskikber steld.