Biblioteken noch sunigeroan

03 des 2011 - 12:41

Biblioteken yn Opsterlân krije oer trije jier opnij in besuniging fan 10 persint foar de kiezzen. Wethalder Jonkman is no al mei it bibleekbestjoer yn petear oer hoe't noch fierder besparre wurde kin. Opsterlân hat krekt al 50.000 euro koarte op de biblioteken.

De besteande biblioteek fan Beetstersweach giet ticht en iepenet op 5 jannewaris yn multyfunksjoneel sintrum De Buorskip. De biblioteek fan Oerterp is krekt hielendal fernijd. Hoe't dêr noch fierder besparre wurde kin, is net dúdlik. Op dit stuit hawwe de biblioteken noch 600.000 euro yn it jier te besteegjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)