Subsydzje provinsje moat oars

03 des 2011 - 10:56

De provinsje moat yn 'e takomst op in oare manier subsydzje jaan. Dat is de útkomst fan it Iepen Ynnovaasje Festival yn Ljouwert. Fierders hat it festival net folle konkrete plannen opsmiten.

It doel fan it fiifdaachske festival wie om antwurd te jaan op de fraach hoe't publike organisaasjes effisjinter wurkje kinne. De organisaasje fynt dat it evenemint wol soarge hat foar ynspiraasje by ferskate partijen en nije perspektiven opsmiten hat. Troch it festival is bygelyks by de provinsje dúdlik wurden dat se har tariede moat op nije rollen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)