Jesper Hospes yn top tsien

02 des 2011 - 19:55

Jesper Hospes hat him yn syn wenplak It Hearrenfean foar it earst yn de top tsien riden op de 500 meter reedriden by in wrâldbekerwedstriid. Syn 35.26 wie op 'e kop ôf gelyk oan syn persoanlik rekôr en goed foar it tsiende plak. Jan Smeekens stelde teloar mei it 15e plak yn 35.46. De winst wie foar de Amerikaan Tucker Fredricks yn 34.98, foar de Japanner Joji Kato (35.07) en de Koreaan Tae-Bum Mo yn 35.08.

Trefwurden: 
reedriden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)