Scootmobyl ynvalide stellen

02 des 2011 - 19:51

Fan in hendikepte frou út Drachten is de scootmobyl stellen. It ferfiermiddel waard meinommen yn de nacht fan tongersdei op freed. De scootmobyl stie yn de mienskiplike hal fan in flat oan de Burefen. Neffens de plysje sit de 54-jierrige ynvalide frou no út need de hiele dei thús.

Trefwurden: 
stellerij
(advertinsje)