Swangere frou ferwûne
By in ûngelok is freedtemiddei in ynwenster fan 22 fan Wolvegea ferwûne rekke. De frou, dy't fiif moanne swanger is, krige nei alle gedachten gjin foarrang fan in 60-jierrige autobestjoerder út Warten. Mei lichte nekklachten en út foarsoarch is de frou per ambulânse oerbrocht nei it sikehûs op It Hearrenfean.