Grutte silo foar Hebeca
It grutste dekôrstik fan 'e foarstelling Hebeca is moandeitejûn pleatst yn Jistrum. It giet om in silo fan seis meter heech. Dy is beskikber steld troch Theake Venema fan Kollumersweach. Om't hy in kraanbedriuw hat, brocht er de silo der sels hinne.
De ferwachting is dat it dekôr oer twa wike klear is. Op 3 septimber is de earste foarstelling fan Hebeca.