Sliepe yn oranje rêdingboat

02 des 2011 - 12:05

Der leit fan freed ôf in bysûnder sliepskip yn de Museumhaven yn Ljouwert. Dit is in rûne oranje reddingsboat dy't omboud is ta in hotelkeamer. Minsken kinne it sliepskip hiere en sa in nacht trochbringe op it wetter. De organisaasje wol mei it sliepskip ûnder oare de bekendheid fan de Museumhaven fergrutsje. In soad Ljouwerters witte net fan it bestean fan de museumhaven ôf en havenmaster Robert Rinzema fynt it sliepskip in moaie manier om in bytsje mear libben yn 'e haven te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)