'Ek staasjejild op fleskes'

02 des 2011 - 10:57

Ek foar lytse plestik fleskes moat staasjejild betelle wurde. Wethâlder Isabelle Diks fan Ljouwert ropt de Twadde Keamer op om yn aksje te kommen. Se ûndertekene hjirfoar de petysje fan 'e staasjejildmanifestaasje. Dy rydt by alle grutte stêden del om stipe te freegjen foar de heffing fan staasjejild. Gemeenten ha in soad lêst fan de lytse plestik fleskes. In soad wurde fuortsmiten en bedarret yn it miljeu. Dat kostet in soad jild, om't al dy fleskes opromme wurde moatte. De supermerken sjogge it staasjejild net sitten. Dy wolle sels ôf fan it heffen fan staasjejild.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)