350 bekeurings by Bitgummole

© Omrop Fryslân
By in snelheidskontrôle op de N383 by Bitgummole hat de plysje tongersdei mear as 350 autobestjoerders bekeurd. Der wurdt op dat plak oan de dyk wurke en de maksimumsnelheid is dêrom ferlege fan 80 nei 50 kilometer yn it oere. Fan de 900 kontrolearre auto's giene der 350 te hurd. De grutste oertreder ried 94 kilometer yn it oere. De plysje sil de kommende tiid noch faker kontrolearje op itselde plak.