Nije opset fan plysje

01 des 2011 - 15:51

De Noardlike plysje-ienheid sil bestean út fjouwer of fiif plysjedistrikten. Dat waard tongersdei bekend makke op in byienkomst mei plysje-fertsjinwurdigers en sjoernalisten. De distrikten bestean út mei-inoar fyftjin plysjeteams.

De Noardlike plysje ûnstiet troch in fúzje fan de korpsen Fryslân, Grinslân en Drinte. Yn de rest fan it lân fusearje ek plysjekoarpsen. Uteinlik komme der tsien grutte plysje-ienheden dy't mei-inoar in nasjonale plysje foarmje. It foech oer de plysje komt dan net mear by 25 aparte koarpsen te lizzen, mar by ien sintrale lieding. It opsetten fan in nasjonale plysje is in punt út it gedoochakkoart tusken VVD, CDA en de PVV. Doel is om de plysje yn de takomst effisjinter wurkje te litten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)