Gaslek yn Dronryp

01 des 2011 - 15:16

By graafwurk yn de Puoldyk yn Dronryp is tongersdei in gaslek ûntstien. Grutte gefolgen foar de bewenners hat dat net. Twa huzen sitte sûnder gas. Netwurkbehearder Enexis is op dit stuit dwaande it lek te meitsjen.

It graafwurk wie fanwege de oanlis fan de nije riolearing. Yn earste ynstânsje waard ek de branwacht oproppen, mar dy hoegde net yn aksje te kommen. Tsjin healwei fiven wie de steuring wer foarby en hiene de twa huzen wer gas.

Trefwurden: 
Dronryp gaslek
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)