Van der Goot tsjin sprekrjocht

01 des 2011 - 14:17

Advokaat Tjalling van der Goot is derop tsjin dat der gau in wetswiziging komt om âlden sprekrjocht te jaan yn rjochtsaken. Steatssekretaris Teeven is dêr mei dwaande. Hy wol dêrmei de belutsen âlden yn de grutte sedesaak tsjin Robert M. de mooglikheid ta sprekken jaan.

Van der Goot neamt dat 'gefaarlik' en typearret it as 'ynsidintpolityk'. Boppedat is er benaud dat troch de rappe gong fan saken de soarchfâldigens net genôch yn acht naam wurdt. Tjalling van der Goot is advokaat van Robert M.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)