Sietske H. fierder ûndersykje

01 des 2011 - 13:49

Sietske H. moat fierder ûndersocht wurde troch in saakkundige op it mêd fan bernedeading. Dat hat it gerjochtshôf yn Ljouwert tongersdei bepaald yn in tuskenfûnis yn it heger berop. It neier ûndersyk is nedich omdat de rjochter te min sicht hat op de persoanlikheid fan de 27-jierrige toskedoktersassistinte.

Sietske H. gie yn heger berop neidat de rjochtbank har ta tolve jier sel feroardiele hie foar it ombringen fan fjouwer krekt berne poppen fan harsels. De rjochter hat by de sitting besocht ynsjoch te krijen yn har gefoelslibben en antwurd te krijen op de fraach oft de befallings har echt oerkaam binne of dat se wol neitocht hat oer hoe't it fierder moast. Sietske H. hat nea meiwurkje wollen oan psychologysk ûndersyk, omdat se bang is ta TBS feroardiele te wurden. As se oan dit nije ûndersyk net ek meiwurkje wol, sil de forensysk psychiater it ûndersyk basearje op observaasjes en it dossier dat oant no ta fan Sietske H. makke is. Oer trije moanne moat it ûndersyk klear wêze.

Trefwurden: 
Nij Beets Sietske H.
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)