Skoarstienpiip as kado

01 des 2011 - 13:46

Suvelfabryk Vreugdenhil yn Skarsterbrêge kriget in nije fabrykspiip. It bedriuw bestiet hûndert jier en dêrom hawwe se in restauraasje fan de âlde skoarstien as jubileumgeskink krige. Dat kado krije se fan it memmebedriuw, omdat de fabrykspiip wichtich is foar it oansjoch fan it doarp.

De konserndireksje hat fierder in grut bedrach beskikber steld foar doarpsfeesten. Der komt ek in jubileumboek.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)