Slúske bliid mei nij ûndersyk

01 des 2011 - 11:41

It nije ûndersyk dat de gemeenteried fan Skarsterlân ôftwongen hat nei de takomst fan de skoalle yn Goaiïngaryp is "in grut kado" foar de bern en de âlden. Dat fynt foarsitter Vera Brink fan de meisizzenskipsried. Op dit stuit hat de iepenbiere skoalle It Slúske te min learlingen. Op 1 augustus takom jier soe de skoalle ticht moatte.

Mar woansdeitejûn besleat de gemeenteried dat der earst noch advys komme moat fan twa saakkundigen fan it ministearje fan ûnderwiis. Frou Brink hopet dat dan ek sjoen wurdt nei it plan fan de âlden om in nije mienskiplike skoalle op te setten foar Terkaple, Terherne en Goaiïngaryp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)