Swalker sliept stikem op skip

01 des 2011 - 10:45

De plysje hat yn Ljouwert in 25-jierrige man sûnder fêst wenplak oanhâlden, omdat er stikem in boat yngien wie. De eigner fan de boat oan de Wurdumerpoartedwinger woe der woansdeitemoarn yn, mar seach dat in rút stikkenmakke wie.

Doe't er de boat yn gie, seach er dat dêr in ûnbekende man lei te sliepen. De eigner skeakele de plysje yn, dy't de fertochte meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
Ljouwert skip swalker boat
(advertinsje)