Bus mei apparatuer útbaarnd

01 des 2011 - 10:00

Yn Drachten is woansdeitenacht in bestelbus mei djoere apparatuer útbaarnd. Nei alle gedachten is de brân oanstutsen. In foarbygonger op de Gernaerd ûntduts dat de parkearde bus yn 'e brân stie.

De brânwacht koe net foarkomme dat de bus grutte skea oprûn. De apparatuer yn de bus gie foar it grutste part ek ferlern. De plysje ûndersiket brânstichting.

Trefwurden: 
bus brân apparatuer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)