Nije skipper skûtsje Langwar

It Langwarder skûtsje hat in nije skipper. It is de 40-jierrige Jaap Zwaga fan Grou. Hy is de tredde generaasje Zwaga's dy't skipper wurdt fan Langwar. Syn pake wie de legendaryske Ulbe Zwaga en syn heit Lammert helle yn 1980 it lêste kampioenskip mei Langwar.
Foar Jaap Zwaga is it syn debút as skipper yn de SKS. Hy hat wol al jierren as bemanningslid meifearn, ûnder oare op Ljouwert en Grou. Zwaga is fan berop skipper op de binnenfeart.