Oerlis meiwurkers Mediamarkt

Mediamarkt Ljouwert © Omrop Fryslân
Fakbûn FNV Bondgenoten slacht alarm oer in eangstkultuer ûnder personiel fan elektroanikawinkel Mediamarkt yn Ljouwert. De lêste wiken hawwe in soad wurknimmers in oare funksje krigen, wylst har wurk net feroare is. Dêrtroch kinne de meiwurkers neffens it fakbûn yn de takomst minder fertsjinje.
Yn Sealen Tivoli yn Ljouwert waard woansdeitejûn in gearkomste hâlden foar it personiel. Neffens it fakbûn wie it in goede byienkomst. Foar it personiel is de amer no fol. Se wolle aksje ûndernimme. De direksje fan de Mediamarkt herkent it byld fan in eangstkultuer by de elektroanikawinkel net.