Gjin ploege-achterfolging BAM

De reedriders Bob de Jong, Jorrit Bergsma en Bob de Vries fan it BAM-team dogge dit wykein net mei oan de ploege-achterfolging by de wrâldbeker op It Hearrenfean. Nei oerlis mei de riders en de technyske stêf is de ploech ta dat beslút kaam. Neffens teammanager Jos Vaessen is der noch net ien kear yn de neamde gearstalling traind.
BAM wol wol meidwaan oan in ploege-achterfolging, mar moat dan wol de gelegenheid krije om dêrfoar te trainen. Dat is no net it gefal, seit Vaessen. 'As se starte dan dogge se dat foar de winst en oars net', neffens Vaessen. Boppedat moatte de trije riders op sneon ek in tsien kilometer ride. En ien fan de trije rydt jûns noch in maraton yn Assen.