Akkoart foar Marreprojekt

30 nov 2011 - 19:45

Yn Fryslân sille de kommende fjouwer jier sân tagongspoarten en tsien wettersportkearnen ferbettere en opknapt wurde. Takom jier giet op ferskate plakken dêrfoar de skeppe de grûn yn.

Sa wurdt yn Earnewâld de VVV-haven op 'e nij ynrjochte. Yn Starum wurdt úteinset mei de bou fan in twadde slús neist de besteande Johan Frisoslús. Yn de simmer fan 2013 moat dat klear wêze.

Ek wurdt begûn mei it opknappen fan de Luts by Balk. Provinsjale Steaten hawwe it útfieringsprogramma fan it Fryske Marreprojekt woansdei goedkard. De kommende jierren sil foar 211 miljoen ynvestearre wurde. Yn totaal beslacht it hiele projekt 450 miljoen euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)