Amerikaanske bands op Open Air

30 nov 2011 - 19:21

De Amerikaanske death metalband Obituary en de hardcore pioniers Pro-Pain spylje takom jier op it metalfestival Dokk'em Open Air. De organisaasje hat ek it Nederlânske powertrio Vanderbuyst kontraktearre. Yntusken binne der kontrakten mei acht ferskate bands tekene.

Dokk'em Open Air wurdt op 29 en 30 juny hâlden op it festivalterrein yn Raerd. De kaartferkeap is al begûn. De earste 500 keapers krije koarting.

Trefwurden: 
festival Dokkum Open Air
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)