Fermiste man Dokkum ferstoarn
Yn it wetter oan de Hurddraversdyk yn Dokkum is woansdei oan de ein fan de middei it lichem fûn fan in 38-jierrige man út Dokkum. It is net dúdlik hoe't er yn it wetter telâne kaam is.
De man waard sûnt woansdeitemoarn fermist. De plysje hie fia burgernet in oprop oan mear as 1200 minsken dien om nei de man út te sjen.