Ljouwert bypraat oer KH2018

Kulturele Haadstêd
De gemeenteried fan Ljouwert krijt woansdeitejûn mear ynformaasje oer de nominaasje foar Kulturele Haadstêd 2018. Dat is in sletten byienkomst. Boargemaster Crone en deputearre De Vries fertelle hoe't se tinke dat Ljouwert de nominaasje winne sil. Ek wolle se de urginsje om mei te dwaan neier taljochtsje en neitinke hoe't ynwenners en ûndernimmers entûsjast makke wurde kinne. De provinsje wol yn 2012 en 2013 jierliks 1,2 miljoen jaan foar tariedingskosten. De steateleden binne ek útnoege.