Fakbûnsjûn foar Aldiminsken

Foar meiwurkers fan de Fryske Aldi's wie tiisdei foar it earst in fakbûnsbyienkomst. Foar oare bedriuwen is soks gewoan, mar foar Aldipersoniel net. Meiwurkers mei in tydlik kontrakt wie drige mei ûntslach as se nei de byienkomst gean soene. De Aldi hâldt him dêrmei net oan de CAO. Doel wie te praten oer bedriuwskultuer en wurkdruk. Fjouwer minsken giene hinne.
De fakbûnen fernimme wol dat it personiel hieltyd mear fynt dat se foar har rjochten opkomme moatte.