Skorsing foar 'earmtakke'

30 nov 2011 - 13:15

Fabian Serrarens, spiler fan Almere City FC, is foar fjouwer wedstriden skorst nei oanlieding fan de stjit mei de earmtakke oan Cambuurspiler Leon Hese. Dat barde yn de wedstryd fan ôfrûne moandei neidat Serrarens krekt oardel minút as ynfaller yn it fjild stie. Hese hâlde in brutsen noas oer oan de klap.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)