Tohil yn Harns fallyt

30 nov 2011 - 12:47

It Harnzer bedriuw Tohil Nederland BV is troch de rjochter fallyt ferklearre. It bedriuw makket iepenhurdhout en ferkeapet dy ûnder de namme 'Sierra Nevada'. Tohil bestie twa jier en kaam yn de skulden troch lege ynkomsten yn de simmerperioade. Dêrtroch koe ek gjin nij hout kocht wurde. By Tohil wurdt foarearst noch trochwurke. De tsien meiwurkers dogge skjinmakwurk en binne dwaande mei de ferkeap fan de lêste foarried. De belestingtsjinst hat it fallisemint oanfrege.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)