Sinnepanielbedriuw APA fallyt

30 nov 2011 - 12:15

De rjochtbank fan Ljouwert hat it sinnepanielbedriuw APA yn Ljouwert fallyt ferklearre. It bedriuw is fjouwer jier lyn út Bleiswijk nei Ljouwert kommen. APA ûntwikkelet goedkeape technyk foar de produksje fan sinnepanielen. Neffens in wurdfierder fan de NOM wurdt noch wol wurke oan de trochstart fan it memmebedriuw ATT. Dêrby wurdt besjoen oft de produksje fan touchscreens trochset wurde kin. Dêr docht it bedriuw ek yn. Der wurkje noch sa'n 25 minsken by APA.

De direksje fan it bedriuw wie net berikber foar kommentaar. Ek de gemeente Ljouwert woe net reagearje op it fallisemint fan it bedriuw.

De earste peal fan it bedriuw is fjouwer jier lyn slein troch doetiids wethâlder Waanders. De ferwachting wie dat sa'n 70 minsken by it bedriuw wurkje koene. De bou fan it fabryk frege in ynvestearring fan 7 miljoen euro. Ien fan de finansiers wie de NOM.

Hoefolle jild oft de NOM der by ynsjit, wurdt net bekend makke. APA hie grutte konkurrinsje fan de ynfier fan goedkeape Sineeske sinnepanielen, mar neffens NOM-direkteur Siem Jansen duorre it te lang foar't it idee ta in ferkeapber produkt late. De touchscreens ôfdieling fan APA is, neffens Jansen, in te lytse spiler op de merk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)