Wer ferskate kontenerbrannen

30 nov 2011 - 11:28

De plysje siket tsjûgen fan brannen yn Drachten en Ljouwert. Op it Grootzand yn Drachten wie tiisdeitenacht in grutte kontenerbrân. Dy stie op de oprit tsjin in konifearehage oan. De brânwacht koe foarkomme dat der in soad skea ûntstie. Sneontemoarn baarnde om 6 oere in parkearde auto oan de Gernaerd folslein út. Yn beide gefallen slút de plysje net út dat it om brânstichting giet.

Yn Ljouwert baarnden tiisdeitenacht trije konteners út yn de Sweelinckstrjitte. It hús rûn reekskea op, om't in rút knapt wie troch de waarmte. Wa't mear wit fan dizze brannen of wat sjoen hat, wurdt frege de plysje te beljen.

Trefwurden: 
plysje brân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)