Somber oer ekonomy

30 nov 2011 - 09:50

It giet noch hieltyd net better mei de ekonomy yn it Noarden. Dat wurdt dúdlik út de oktobersifers fan de konjunktuer-enkête, de saneamde COEN-sifers. In tredde part fan de ûndernimmers ferwachtet dat de omstannichheden yn it lêste fearnsjier minder wurde. Benammen boubedriuwen binne somber. Mear as de helte fan de boubedriuwen hâldt rekken mei omsetferlies. De detailhannel ferwachtet in ridlik lêste fearnsjier, mar dat wurdt benammen feroarsake troch de desimberynkeapen foar de feestdagen.

Ien en oar hat ek gefolgen foar de wurkgelegenheid. De measte bedriuwen ferwachtsje dat se mei minder personiel ta kinne.

Trefwurden: 
ekonomy wurkgelegenheid
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)