Digitaal Grien Boekje Frysk
Der komt in digitaal Grien Boekje foar de Fryske taal. Deputearre steaten hat dêr jild foar fûn yn it budzjet fan de regeling Befoardering Frysk Taalgebrûk. Dêrneist komt der op Google in oersetfunksje foar it Frysk.
De steatefraksje fan GrienLinks hie frege om in digitaal Grien Boekje foar it Frysk. De Fryske Akademy sil it boekje ûntwikkelje.