'Thialf heart by Fryslân'

© Martin de Jong
De útspraak fan sportminister Edith Schippers dat It Hearrenfean net automatysk de thúsbasis hoecht te wêzen fan iisstadion Thialf, wurdt troch deputearre Hans Konst ôfdien as 'losse flodder'. De PvdA-deputearre fynt de opmerking fan de VVD-minister net ferstannich, omdat de provinsje Fryslân en de gemeente Hearrenfean ynkoarten mei de foarkarsfariant nei bûten komme.
In nij Thialf bouwe bûten Fryslân is itselde as de alvestêdetocht ride yn Súd-Hollân, aldus Konst. Hy ferwachtet heal desimber de nijbouplannen fan Thialf nei bûten te bringen. Nijbou of renovaasje op it hjoeddeiske plak of nijbou by Sportstêd Hearrenfean binne de opsjes. Nei alle gedachten sil de takomst fan Thialf yn jannewaris takom jier yn de steatekommisje behannele wurde, wêrnei't provinsjale steaten yn febrewaris de definitive kar meitsje.