Minder fûgels yn oalje op see

29 nov 2011 - 21:30

De Fûgelpits by Moddergat fangt de lêste jierren folle minder oaljeslachtoffers op as eartiids. Dat komt mooglik troch strangere maatregels tsjin oaljelekkerij, minder grutte rampen en in sudewyn wêrtroch oaljefûgels minder gau oanspiele op de strannen fan de Waadeilannen.

Hoewol't it minder drok is, wurde der noch genôch oare fûgels holpen. Op it stuit ferbliuwe der in tsiental rôffûgels dy't bot ferswakt binne troch de mist fan de ôfrûne wiken. Dêrtroch koene de fûgels minder goed fretten fine.

Trefwurden: 
oalje fûgels see Fûgelpits
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)