Subsydzje duorsum toerisme op

Der is oar jier gjin provinsjale subsydzje beskikber foar duorsum toerisme. Al it jild dat de provinsje foar de jierren 2010, 2011 en 2012 útlutsen hie, is op. Omdat der safolle fraach wie is it jild dat foar takom jier ornearre wie, nei foaren helle.
Der is in bedrach fan 6,2 miljoen yn de ûntwikkeling fan duorsum toerisme stutsen. It giet dan om nije projekten en ferbettering fan besteande projekten op it gebiet fan duorsum toerisme, lânskiplike ynpassing en natoerûntwikkeling.