Krimp Sionsberg net te kearen

29 nov 2011 - 16:56

De sluting fan fjouwer ôfdielings fan de Sionsberg yn Dokkum wie net te kearen. Fraach is wol hoe't it no komt mei de earste help, want ek dy ôfdieling giet ticht. It ferhaal fan de Sionsberg past yn it grutte ferhaal fan it opnij ynrjochtsjen fan de soarch. Lytse sikehuzen bin te djoer en kinne net de bêste soarch leverje.

De pasjinteferiening Zorgbelang Fryslân tinkt dat de pasjint úteinlik better ôf is. Diana Monissen, direkteur fan soarchfersekerer De Friesland tinkt sels dat de feroarings posityf útpakke sille. Der lizze kânsen genôch foar it sikehûs yn Dokkum om har te spesjalisearjen yn pinebestriding of help oan âlderen.

Trefwurden: 
De Sionsberg
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)