Gjin biofergister yn Sint Nyk

biofergister
Der komt gjin biofergister yn Sint Nyk, mar de útwreiding fan it bedriuweterrein moat wol gewoan trochgean. Dit stiet yn in plan dat nije wike foarlein wurdt oan de riedskommisje fan Skarsterlân.
De útwreiding fan it bedriuweterrein hong ôf fan de komst fan de biofergister. Mar tsjin dizze fergister kaam safolle protest út it doarp, dat dy keppeling no loslitten wurdt, sadat de útwreiding dochs trochgean kin.