Huistra langer by FC Grins

Pieter Huistra hat syn kontrakt by FC Grins mei ien jier ferlingd. De Fries kaam as opfolger fan Ron Jans en is dwaande mei syn twadde seizoen as haadtrainer fan de Grinzers. It wie al langer dúdlik dat beide partijen mei-inoar trochgean woene. Huistra leit no oant 2013 fêst by FC Grins.
Yn syn earste seizoen 2010/2011 einige FC Grins ûnder lieding fan de yn Goaiïngea berne Huistra op it fiifde plak. Dit seizoen steane de Grinzers nei 13 wedstriden op it sechsde plak.