Reboelje oer 'Huismannen'

29 nov 2011 - 13:00

Feilinghûs Ald Fryslân yn Drylts nimt mooglik stappen tsjin Jacob Huisman, de soan Jopie Huisman. Moandei beskuldige Jacob Huisman op Omrop Fryslân feilinghuzen dy't falsk wurk fan syn heit te keap oanbiede. Heal oktober waard by Ald Fryslân in akwarel mei it stêdsgesicht fan Warkum oanbean én ferkocht. Jacob Huisman beweart dat it om in falsk wurk giet, wylst it feilinghûs it wurk yngreven ûndersocht hat op echtheid.

De krityk fan Jacob Huisman is neffens feilingdirekteur Dijkstra min foar de ferkeap en it wurk fan de skilder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)