Meiwurkers Arriva stake opnij, wannear en wêr is noch net bekend

© Omroep Zilt, Lennard Geerts
Treinpersoniel fan Arriva sil ynkoarten opnij stake foar bettere arbeidsbetingsten. Dat hat it fakbûn VVMC bekend makke. It fakbûn hat ûnderhannele mei de wurkjouwers, mar it leanbod dat dêrút kaam wie foar it fakbûn noch altyd te leech.
Wannear't de nije stakingen wêze sille is noch net bekend. Ek is noch net dúdlik wêr't der krekt staakt wurde sil.
It giet hjir om it saneamde multymodale streekferfier, dêr't sa'n 1.300 minsken wurkje. Arriva falt ûnder dy cao, om't it sawol bus as treinferfier oanbiedt.
VVMC easket ûnder mear keapkrêftbehâld foar de wurknimmers. Ek moat de wurkdruk omleech.