Virgínia is nei nije flater basisplak kwyt by Cambuur

João Virgínia mei rjochts njonken him Robbin Ruiter © Orange Pictures
Robbin Ruiter makket tongersdei tsjin FC Groningen syn earedivyzjedebút foar SC Cambuur. Keeper João Virgínia is syn basisplak kwyt.
De Portugees miste dit seizoen noch gjin earedivyzjewedstriid fan Cambuur. Mar oan dy rige komt no in ein. Trainer Sjors Ultee grypt yn no't Virgínia op 'e nij in flater makke ôfrûne sneon tsjin Sparta Rotterdam.
By it twadde tsjindoelpunt levere de 23-jierrige keeper de bal samar yn by Sven Mijnans, dy't Koki Saito yn staat stelde om te skoaren. Nei de wedstriid woe Ultee noch net sizze oft Virgínia earste doelman bliuwe soe. "Dat bespreek ik eerst met João en niet met jullie."

Net de earste flater

Twa wiken lyn tsjin FC Volendam kaam Virgínia al te let by in djippe bal wêrút Robert Mühren skoare koe. Cambuur krige yn de earste seizoenshelte ek al in pear kear in tsjindoelpunt wêr't Virgínia der net goed út seach.
Dêrom krijt Ruiter no de kâns. Ofrûne simmer lei Cambuur de rûtinearre doelman fêst. Hy mocht yn de bekerwedstriid tsjin FC Rijnvogels (3-0 oerwinning) syn debút meitsje foar de Ljouwerters.
De 35-jierrige Ruiter makket tongersdei tsjin de Grinzers syn earste minuten yn de earedivyzje sûnt 15 augustus 2021. Doe stie er noch ûnder kontrakt by Willem ll en ferlear er mei 4-0 fan Feyenoord. Dêrnei ferlear Ruiter syn basisplak, wêrnei't er in pear moannen letter úteinlik fuort gie by Willem ll.