In wichtige dei foar húsdokters: wol of net ynstimme mei it Zorgakkoord?

Húsdokter Jacqueline de Boer © Omrop Fryslân
Húsdokters wienen oant no ta noch net sa entûsjast oer it Zorgakkoord. Se leauden dat se mei it akkoart mear tiid foar pasjinten krije soenen, wat al lang in grutte winsk is. Jûn beslute húsdokters definityf oft se ynstimme mei it Integraal Zorgakkoord.
Jacqueline de Boer is húsdokter en praktykhâlder by de maatskip de Trynwâlden yn Oentsjerk. Sy is gek op har wurk. Sy is lykas oare húsdokters skeptysk oer it nije soarchakkoart.
Doe't sy begong as dokter wie der folle mear tiid foar besites oan pasjinten thús en de administraasje wie noch te dwaan. Yntusken hat sy in praktykmanager, trije praktykûndersteuners somatyk en twa praktykûndersteuners ggz yn tsjinst, en makket sy wurkdagen fan mear as tsien oeren.
Wol of net ynstimme mei it Zorgakkoord?
By de spesjalisten yn de sikehuzen binne de wachtlisten lang. At pasjinten dêr net holpen wurde kinne, is de húsdokter ferantwurdlik. Sa reitsje de praktiken neffens Jacqueline de Boer oerbelêste: "Wa is der no tagonkliker as de húsdokter? En wy binne goedkeap. Der moat besunige wurde yn de sikehuzen en wêr moatte de pasjinten hinne? Dat kin de húsdokter wol dwaan, is de gedachte."
It Integraal Zorgakkoord moat de soarch tagonklik en betelber hâlde. It binne ôfspraken tusken soarchpartijen lykas de sikehuzen, spesjalisten, ggz en fersekerders. De húsdokters hawwe yn july 2022 aksje fierd tsjin it akkoart, om't sy fine dat hja opdraaie foar de problemen yn de soarch. Sy nimme pasjinten oer fan de spesjalisten en hawwe hieltyd minder tiid foar pasjinten. Der leit no in nij akkoart dêr't de lanlike húsdokterferiening (LHV) wol posityf oer is.
It is ek de bedoeling dat der tenei minder minsken trochstjoerd wurde nei de ggz. Omdat de wachtlisten sa lang binne by de ggz, krijt de húsdokter de ferantwurdlikheid. Dy moat dy soarch der ek noch by dwaan, seit De Boer: "Wy hawwe al lange wurkdagen. Hoe moatte wy dat der noch by hawwe? Wy binne gjin psychiaters."

Wachtlisten

Yn it nije soarchakkoart binne ôfspraken makke oer ekstra tiid foar de pasjinten. It is ien fan de easken fan de húsdokters. Der soe in fergoeding komme moatte foar in kertier op it sprekoere.
Húsdokter Jacqueline de Boer yn har praktyk de Trynwâlden yn Oentsjerk © Omrop Fryslân
Der sit ek in oare kant oan: yn stee fan seis pasjinten kin de húsdokter noch mar fjouwer minsken yn 'e oere sjen. "Wer moatte wy dan mei dy oare twa pasinten hinne?", freget Jacqueline de Boer har ôf. "Dat kin betsjutte dat it ek langer duorret foar't in pasjint by de húsdokter terjochte kin."

Stânpunt Lanlike Húsdokterferiening

De LHV stimde yn septimber foarearst tsjin it soarchakkoart. It bestjoer is no posityf, want de húsdokters krije mear jild foar de jûns, nacht- en wykeintsjinsten en der is in oanbod fan de soarchfersekerders om mear tiid foar de pasjint te realisearjen.
De ôfdielings fan de LHV beslute tiisdeitejûn oft sy it soarchakkoart mei dizze oanpassingen wol ûndertekenje sille.