Minister Adema wist al wiken dat Europa syn dongbelied net akseptearje soe

Minister Piet Adema fan Lânbou © ANP
Minister Piet Adema fan Lânbou wist al wiken dat Europa gjin útsûnderingen mear jaan soe oan Nederlân foar it útriden fan dong. Ek net foar in 'oergongsjier.' Dêrom ropt de Twadde Keamer Adema no op it matsje.
Dit docht bliken út in brief fan in Eurokommissaris, yn hannen fan de NOS. Minister Adema kaam freed yn sân hasten werom út it bûtenlân foar in driuwend oerlis oer de krityk út Brussel op it Nederlânske dongbelied.
It waard dúdlik dat Nederlân earder hanthavenje moat no't it de derogaasje ferlern hat, de útsûnderingsposysje as it giet om it útriden fan stront. Neffens de NOS soe minister Adema noch oant it lêste momint besocht hawwe de Europeeske Kommisje op oare ideeën te bringen.

'Oergongsjier' mei net

Eurokommissaris Virginijus Sinkevicius liet op 19 desimber yn in brief al oan it kabinet witte dat de ein komme soe foar dy útsûnderingsposysje.
Adema makke lykwols oan de Twadde Keamer kenber dat der in 'oergongsjier' foar boeren komme soe. Mei oare wurden: dat der yn 2023 noch net folle hoegde te feroarjen.
In boer op it lân © ANP
Twadde Keamerlid Tjeerd de Groot (D66) frege minister Adema de dei nei de brief fan Sinkevicius, op 20 desimber, hoe't it krekt siet. Hy hie ek soarchlike sinjalen út Brussel heard oer dat Nederlân him formeel net oan it derogaasjebeslút hâlde soe. Adema antwurde dat der 'gjin reden ta soarch' wie.
Mar de Europeeske Kommisje fynt dus wol dat der dit jier aksje ûndernaam wurde moat, om de wetterkwaliteit yn ús lân te ferbetterjen. Dêrby giet it ûnder oare om de omjouwing fan natuergebieten.

Keamer ropt Adema op it matsje

Minister Adema hat witte litten noch net te reagearjen op it nijs fan de NOS, mar ferskate Keamerleden fan de koälysje en opposysje wolle yn in debat útlis fan de minister.
Troch in 'oergongsjier' oan te kundigjen hat de minister boeren falske hoop jûn en it betrouwen skeind, sizze Keamerleden.
Twadde Keamerlid Tjeerd de Groot (D66) © ANP
Tjeerd de Groot liet witte it 'wol netsjes' fûn te hawwen as Adema syn earste antwurd oan de Keamer 'korrizjearre' hie. "Dat zou ook relevant geweest zijn voor boeren, want dan hadden ze zich een maand langer al kunnen voorbereiden. Nu staan ze op het allerlaatste moment voor een voldongen feit."