Sportcast: "Kin Van Hooijdonk net nei Cambuur?"

Sportcast © Omrop Fryslân
Sydney van Hooijdonk tinkt oan fuortgean by sc Hearrenfean. De buorman yn Ljouwert siket noch in spits. Ien en ien is twa, neffens de Omrop-ferslachjouwers yn de nije Sportcast.
By de Feansters wie Amin Sarr snein de grutte man yn de derby tsjin FC Groningen. De Sweed makke twa doelpunten en hâldt kluptopskoarer Sydney van Hooijdonk op de bank. Dy liet nei ôfrin oan sportferslachjouwer Arjen de Boer witte dat er it banksitten 'kut' fynt.
Hy soe sels neitinke oer fuortgean by sc Hearrenfean. Al lei dat neffens sportferslachjouwer Andor Faber ek oan De Boer. "De fraachstelling wie ek in bytsje suggestyf."

"Van Hooijdonk moat in keardel wêze"

Van Tuinen hat begryp foar de soargen fan Van Hooijdonk, mar fynt ek dat er him net oanstelle moat. "Ik snap syn teloarstelling wol. Van Hooijdonk moat in keardel wêze en soargje dat de realiteit fan no oars wurdt."
Dat fynt ek sportferslachjouwer Roelof de Vries. "Dat je it der net mei iens binne, is prima. Mar nei ien of twa kear net spylje, mei it wol wat minder. Lit gewoan sjen datsto de earste spits wêze moatst."
Van Tuinen hat noch wol in oare oplossing: "Kin er net nei Cambuur?"
By SC Cambuur is it tiid foar in oare keeper, sizze de Omrop Fryslân-ferslachjouwers yn de Sportcast.
De Portugeeske doelman João Virgínia gie sneon yn it duel mei Sparta Rotterdam de mist yn by de twadde tsjintreffer. En hy mocht fan gelok sprekke dat de (fideo)skiedsrjochter him net fuortstjoerde, doe't er Tobias Lauritsen yn de twadde helte omkegele.
"Hy is matst troch de fideoskiedsrjochter", fynt De Boer. "Yn myn optyk is it no tiid foar in keeperswiksel. Twadde keeper Robbin Ruiter is de meast logyske kandidaat om him te ferfangen", seit Faber.
Wat ferwachtet Van Tuinen dat de Ljouwerters dwaan sille? "Ik soe my foarstelle kinne dat je noch nei in nije keeper útsjogge, mar essinsjeel is in spits. Want as je net skoare, sille je nea winne."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.