Ben Rienstra op proef by Cambuur, dat ek meardere spilers yn 'e etalaazje set

Ben Rienstra yn syn tiid by Fortuna Sittard © Orange Pictures
SC Cambuur nimt Ben Rienstra de kommende tiid op proef. De middenfjilder sit op dit stuit sûnder klup.
De lêste klup fan Rienstra is Fortuna Sittard, dêr't syn trochrinnende kontrakt ôfrûne simmer yn oerlis opsein waard. Yn Sittard wurke Rienstra gear mei Sjors Ultee, dy't no haadtrainer is fan SC Cambuur. Fryslân is net nij foar Rienstra: yn it seizoen 2018/2019 spile er foar sc Hearrenfean.

Spits

De Ljouwerters binne no noch op syk nei in nije spits. Mar dy syktocht ferrint tige dreech: technysk manager Foeke Booy seit dat der sa'n 25 spitsen benadere binne, dy't net helber wiene om ferskate redenen. "Er is ongelooflijk veel voorbij gekomen wat niet kan en wil", seit Booy.
Keunstgers, ferhúzje nei it noarden, de minne posysje fan Cambuur en jild wurde oanfierd troch spilers om net nei Ljouwert te kommen.

Fuortgeande spilers

Neist dat Cambuur noch in nije spiler siket, binne der ek guon dy't fuort meie. As Booy deryn slagget om in nije spits te heljen, betsjut it dat Tom Boere mooglik fuort giet. De klup hat ôfspraken mei Boere makke dat er dan omsjen mei nei in oare klup. Foar him wie dizze transferperioade ek al ynteresse.
Krekt as ôfrûne simmer hat Jasper ter Heide gjin perspektyf yn Ljouwert en mei hy fuort. Datselde jildt foar David Sambissa. Cambuur wol meiwurkje as der in klup komt foar de bûtenspiler.
Felix Mambimbi hat gjin perspektyf mear by Cambuur © Orange Pictures
In oare bûtenspiler, Felix Mambimbi, sit ek yn in lestige situaasje. Ultee hat gjin plak foar him: sneon tsjin Sparta Rotterdam siet er net iens op de bank.
De Switser wurdt lykwols hierd fan Young Boys en dêr makke er begjin dit seizoen ek al minuten. Dat die hy ek by Cambuur en dêrtroch mei Mambimbi allinnich noch útkomme foar klups dy't oan in nije kompetysje begjinne. Dy mooglikheden lykje der net te wêzen en dus makket hy it seizoen wierskynlik wol ôf yn Ljouwert, ek al sil er net in soad mear yn aksje komme.
Talint Jhondly van der Meer mei ferhierd wurde oan in klup yn de earste divyzje.