UNIS Flyers nei ferlinging ûnderút yn bekerfinale

Martijn Oosterwijk fan de Flyers © Orange Pictures
UNIS Flyers hat sneintemiddei de finale om de Nederlânske beker ferlern. Nei in golden goal-ferlinging waard it 2-1 foar HIJS Hokij út Den Haag.
Yn de earste twa perioaden wie der net in soad te belibjen yn De Uithof yn Den Haag. Beide ploegen wisten net te skoaren. HIJS Hokij mocht yn eigen hûs spylje, om't se yn de foargeande pûl as earste einige wienen.
Nei acht minuten yn de tredde perioade foel it earste doelpunt. De Flyers kamen op foarsprong fia Jasper Nordemann yn in power play-situaasje. Twa minuten letter makke Bartek Bison lykwols alwer gelyk.

Golden Goal

In golden goal-ferlinging moast úteinlik de beslissing bringe. Dêryn mochten beide teams trije spilers en in keeper op it iis sette. It team dat as earste in doelpunt meitsje soe, waard de bekerwinner.
Dêryn kaam de ploech fan It Hearrenfean de lêste twa minuten mei in spiler minder te stean nei in oertreding fan Henri Ruotsalainen. Dy power play die Flyers úteinlik de das om. Mei noch 43 sekonden op de klok yn de ferlinging skoarde Jay de Ruiter it winnende doelpunt.
De beker bleau dêrmei yn Den Haag. It tal bekertitels fan de Flyers bliuwt stean op trettjin. Yn 2020 slagge it de Fryske klup foar it lêst om de beker te winnen.