'Ynskattingsflater' minister: strangere maatregels foar útriden dong jilde al fan 1 maart ôf

It útriden fan rûge dong © Omrop Fryslân
Nije, strangere maatregels foar it útriden fan dong moatte dochs earder ynfierd wurde as Lânbouminister Piet Adema fan doel wie. Adema beskôge 2023 as in oergongsjier wêryn't net in soad hoegde te feroarjen. Dat is lykwols hielendal ferkeard fallen yn Brussel.
Nederlânske boeren meie mear dong útride as boeren út oare EU-lannen. Dy útsûnderingsposysje soe ôfboud wurde en yn 2026 soe dêr in ein komme.
De Europeeske Kommisje fynt lykwols dat der al dit jier yngrypt wurde moat om de miljeudoelen op it mêd fan wetterkwaliteit te heljen. Adema tocht dat der dit jier noch net in soad feroare hoegde te wurden. Fan 1 maart ôf sille de strangere regels al yngean.
De minister sprekt fan in ynskattingsflater. Hy kaam freed haljetrawalje werom fan in lânboubeurs yn Berlyn foar in spoedoerlis yn de ministerried oer dit ûnderwerp.