Ché Nunnely tekenet kontrakt fan heal jier by sc Hearrenfean

Ché Nunnely yn aksje foar Willem II © Orange Pictures
Fuotballer Ché Nunnely is it kommende healjier spiler fan sc Hearrenfean. De 23-jierrige oanfaller trainde al in skoft mei by de ploech fan trainer Kees van Wonderen. Tongersdei tekene hy offisjeel syn kontrakt by de Feansters.
De bûtenspiler hat dêrneist in opsje foar nochris twa jier yn syn kontrakt stean. Nunnely komt út de jeugdoplieding fan Ajax. Dêr koe hy net trochbrekke. Yn de simmer fan 2019 makke Nunnely de oerstap fan Ajax nei Willem II.
Technysk manager Ferry de Haan: "Het is bekend dat wij graag een echte buitenspeler wilde toevoegen aan onze selectie. Ché voldoet aan dit profiel. Hij is snel, heeft diepte en kan zowel rechts als links voorin uit de voeten. Na zijn blessure is hij nu weer nagenoeg fit. We zijn dan ook blij dat we met Ché weer extra mogelijkheden in onze aanvalslinie krijgen."

Willem II

Yn Tilburg kaam hy ta 88 wedstriden op it heechste nivo, wêryn't er 17 kear skoarde. Boppedat wie hy ek goed foar nochris 11 assists. Oan de ein fan syn kontrakt by Willem II rekke hy swier blesseare. De ôfrûne moannen stiene dan ek yn it ramt fan herstel.
By Hearrenfean komt Nunnely Mats Köhlert en Sven van Beek wer tsjin, dêr't hy mei fuotballe by Willem II.