OV-kursus yn Drachten grut sukses: "Al veertig jaar niet in een bus gezeten"

Ynchecke, hoe moat soks no krekt? © ANP
Der is ferlet fan de kursus 'reizgje mei it iepenbier ferfier' yn de Drachtster biblioteek. Foar de fjirde kear streamt in rige lessen fol. In soad dielnimmers stapten foar it lêst yn strippekaarttiid yn de bus.
Nei de kursus stappe je sa de bus of trein yn, sûnder it noch spannend of yngewikkeld te finen. Dat is de belofte fan de kursus, dy't bestiet út fjouwer gearkomsten en dy't fergees oanbean wurdt yn de biblioteek fan Drachten.
"De cursus is voor mensen die al heel lang niet met het openbaar vervoer hebben gereisd", sa fertelt ynstrukteur Leo Kerkhof. De kursus giet benammen oer it reizgjen sels: "Je leert inchecken, uitchecken, overstappen en plannen."

It reizgjen ferleard

Kerkhof fernimt dat der yn Fryslân in grutte groep minsken is dy't it reizgjen yn it iepenbier ferfier ferleard is. "In Fryslân heb je toch vaak een auto nodig. Maar op een gegeven moment gaat autorijden misschien niet meer, dan sta je ineens bij een bushalte. Je hebt geen ov-chipkaart, en dan?"
As je ienkear witte hoe't it moat, is it hielendal net sa dreech © ANP
Itselde jildt by de trein. "Je staat op een station met incheckpaaltjes. Er is geen informatiepunt meer, geen medewerkers op het stadion. Dus je moet het helemaal zelf uitzoeken."
Krekt dêr is de kursus foar. "Er zijn mensen die al veertig jaar niet in een bus hebben gezeten. Dat zijn er best wel heel veel", jout Kerkhof oan. "We zijn al voor de derde keer bezig, de vierde keer gaat in maart los met een groep."

Reisdei as 'eksamen'

De fraach om hjir wat foar te organisearjen kaam ek by de gemeente Smellingerlân wei. "En met behulp van een busmaatschappij kunnen we ook nog een reisdag aanbieden. Dus voor de laatste les gaan we met z'n allen de bus en de trein in. Als ze niet staken tenminste."
Want nettsjinsteande de stakingen yn it iepenbier ferfier tongersdei, ferwachtet Kerkhof wol oanrin. "De mensen die met deze cursus aan de slag gaan, komen toch met de fiets of met de auto."
In âlder pear op in stasjon © ANP
Foar Kerkhof is de kursus in sukses. "Het is erg leuk om te doen. Mensen krijgen heel veel zelfvertrouwen om zelf eens met de bus of trein op pad te gaan. Naar de kinderen in Utrecht, of wat dan ook."
De kursus dy't tongersdei úteinset sit al fol, mar yn maart begjint wer in nije rige. Mear ynformaasje is te finen yn de aginda fan Bibliotheek Drachten.